Friese vlag Nederlandse vlag Engelse vlag Duitse vlag

Dekemastins

Net er fan it plak ôf dêr’t jo no steane, stie sa’n 500 jier lyn in saneamde stins. In stins of state is in eardere boarch of lânhûs. Oarspronklik waard it wurd stins allinnich brûkt foar de stiennen wachttuorren dy’t by in houten state stiene. Stins betsjut: stiennen hûs.

Juw Dekema

De stins dy’t hjir stie, makke ûnderdiel út fan it wenstee fan de freedsume Juw Hettes Dekema, dy’t troch keizer Maximiliaan fan it Hillige Roomske Ryk yn 1494 as potestaat fan Fryslân oansteld waard.

In potestaat wie de heechste fertsjintwurdiger fan it keizerlik gesach en it wie Juw Hettes Dekema syn taak om it oarlochsgeweld yn ’e regio ophâlde te litten en de rjochtspraak te herfoarmjen. Syn grutste tsjinstanner dêryn wie Jancko Douwama, in man dy’t geweld net út ’e wei gie.

Juw Hettes hat syn missy as fredestichter net wiermeitsje kinnen en betanke dêrom yn 1498 foar it amt fan potestaat. Steatkundich sjoen betsjutte dat in kearpunt yn ’e Fryske ferhâldingen. It heechste amtlike ynterne Fryske gesach waard troch ûnderling getsier bliuwend út hannen jûn en in net-Fries waard as heechste amtlike gesachsdrager as potestaat oansteld.

Juw Dekema
De Martinitsjerke yn Frjentsjer. Yn dizze tsjerke is it grêf fan Juw Hettes Dekema te finen.

In 1989 werden net buiten Baard de resten blootgelegd van het huis waar Juw Hettes Dekema heeft gewoond. Een muur van 18 x 1,5 meter en diverse voorwerpen werden opgegraven. Ook zijn de fundamenten van de stins gevonden. Daarna is het project beschreven, het graafgat weer gevuld en ging er gras over.

Stins

Download de presentatie over de opgravingen van de Dekemastins te Baard (Powerpoint, 35 MB)

Skieringers en Fetkeapers binne de nam- men dy’t jûn wurde oan de twa partijen dy’t yn Fryslân en Grinslân yn de lette midsiuwen meielkoar fochten.

Sa’t op it oare ynformaasjeboerd al ferteld wurdt, woe keizer Maximiliaan dat Juw Hettes Dekema in ein meitsje soe oan de striid tusken dy beide partijen. De Fetkea- pers akseptearren de oanstelling fan Juw Hettes net, mei as gefolch dat hy syn missy as fredestichter net wiermeitsje kinnen hat. Dêrom betanke er yn 1498 foar it amt fan potestaat.

Keizer Maximiliaan beneamde doe har- toch Albrecht fan Saksen, dy’t om de oar- der en rêst te hanthavenjen in leger hiersoldaten meibrocht. Mar troch jildtekoart broazele syn gesach yn ’e rin fan de 16e iuw stadichoan ôf. Dat joech de Fetkeapers de mooglikheid om ûnder lieding fan Jancko Douwama en Paulus van Gravestein yn 1514 de Dekemastins te ferneatigjen.

De stins waard wer opboud, mar yn 1515 wie it jildtekoart fan de hartoch fan Saksen alwer sadanich, dat syn hiersoldaten harren soldij net mear krigen en oproer begûnen te meitsjen.

It gefolch fan it oproer wie dat de soldaten it Fryske plattelân ôfstrûpten nei bút. Yn ’e folksmûle waarden de Saksyske oproermakkers “de Swarte Heap” neamd. Sa is ek de Dekemastins yn 1515 troch “de Swarte Heap” ferneatige.

Juw Hettes Dekema sette him dêrnei mei syn húshâlding yn Frjentsjer nei wenjen, dêr’t er yn 1523 ferstoar. Hy en syn frou binne begroeven yn ’e Martinitsjerke yn Frjentsjer.

Het Dekemamonument is een initiatief van Dorpsbelang Baard.

Dekemawei 11
8834 XA Baard

E-mail: Jaap Scheffer.